Broer Jorritsma skriuwt toaniel en non-fiksje. Foar toanielferiening Hâld Moed út Dronryp skreau er de jûnfoljende foarstelling In saak fan libben en dea, basearre op in rjochtsaak út de 18e iuw, dy’t ôfrûne jannewaris seis kear spile waard. It stik waard nominearre foar de Fedde & Martha Bergsmapriis 2025, de priis foar it bêste oarspronklik Frysktalige toanielstik fan de ôfrûne trije jier. Ofrûne freed 28 maart waard bekend makke wa’t de priis wûn hat. Mei de priisútrikking naam de spanning yn alle gefallen by Broer sels ta.
Foar mear informaasje: https://www.demoanne.nl/fansels-dat-kin-net-oars/