Kowekop bliuwt yn Dronryp; guod sletten suvelfabryk oerdroegen oan it doarp
dinsdag 1 februari 2022

Kowekop bliuwt yn Dronryp; guod sletten suvelfabryk oerdroegen oan it doarp

Bron: https://www.omropfryslan.nl/nijs/1127292-kowekop-bliuwt-yn-dronryp-guod-sletten-suvelfabryk-oerdroegen-oan-it-doarp

Foto's: Omrop Fryslân, Casper Slotboom

 

"Wy hawwe in kowekop", seit Peter Tanghe, foarsitter fan it Doarpsbelang Dronryp, mei in grutte glim, "Noja, dy hawwe wy al 130 jier hjir. No bliuwt er hjir. Dat is fansels wol hiel fraai. Dêr binne we hiel wiis mei."

It fabryk fan Dronryp is ôfrûne oktober sletten. Troch in reorganisaasje fan FrieslandCampina waard it gebou oerstallich. It wie in swiere klap foar it doarp. Dat de kowekop no bewarre bliuwt, helpt de pine fan de sluting te fersêftsjen.


Tanghe: "It wie oait it modernste suvelfabryk fan Europa. Op in gegeven stuit giet er ticht. Dat is toch wol in tongerslach by heldere himel dy't dan oer Dronryp komt. De kowekop hat 130 jier delsjoen op alles wat hjir gebeurd is. Dêr sit in gefoel by fan 'dy moat wol yn Dronryp bliuwe'."

Martin Ansing, projektlieder fan FrieslandCampina, wie it dermei iens dat de kowekop net yn in argyf ferstofje moat: "Er is iedere keer goed contact geweest tussen Peter Tanghe en ons over hoe we dat zouden doen. Eerst hebben we dat even afgehouden, want we waren nog bezig met de sluiting van de fabriek."


Nei oerlis mei de histoaryske argivaris fan it bedriuw wurdt de kowekop dochs oerdroegen. "We dachten eerst dat het een heel zware koeienkop was, maar hij bleek uiteindelijk van zink. Dus hebben we de kop van de gevel gehaald en besloten hem te overhandigen."

De kop komt no mei in âlde molkbus en houten fetten om tsiis en bûter yn te meitsjen yn behear fan it doarpsbelang en de histoaryske wurkgroep fan Dronryp.

 

Net op Marktplaats

Ansing: "Het is in bruikleen. Dronrijp is er nu verantwoordelijk voor dat hij goed te eten krijgt en dat we er goed op passen." De kop bliuwt yn de praktyk yn Dronryp.

Of it moat wêze dat FrieslandCampina him tydlik brûke kin. Dat bart dan yn goed oerlis. "Daarom is het ook aan een stichting overhandigd en niet aan een persoon. Wij willen niet dat iemand het gaat verkopen en op Marktplaats gaat zetten. Dat kan niet de bedoeling zijn" seit Ansing.


Jurjen Kuurstra fan de histoaryske wurkgroep Dronryp sil earst dwaande mei de kowekop: "Hy moat noch in bytsje opknapt wurde. Ik haw hússkilder west en ik haw him al twa kear ferve. Ik mei him no foar de tredde kear fervje. It is in eare om him wer in kear op te knappen."

 

''Ik bin net bliid, ik bin hartstikke grutsk. Grutsk dat wy de kop foar Dronryp behâlde kinne.''
Jurjen Kuurstra fan de histoaryske wurkgroep Dronryp


It doarpsbelang en de wurkgroep binne drok dwaande om in Rypster museum op te rjochtsjen. Dêr komt de kowekop mei de oare attributen út it fabryk úteinlik te stean. Kuurstra: "Ik bin net bliid, ik bin hartstikke grutsk. Grutsk dat wy de kop foar Dronryp behâlde kinne."

Afbeelding 2 van fotoalbum 'Kowekop bliuwt yn Dronryp; guod sletten suvelfabryk oerdroegen oan it doarp' Afbeelding 3 van fotoalbum 'Kowekop bliuwt yn Dronryp; guod sletten suvelfabryk oerdroegen oan it doarp'
Naar het nieuwsoverzicht
Top